Kontrôle jonge drankkeapers

06 jul 2011 - 11:20
  • It systeem yn Aldeboarn (foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries)

Jeugd dy't drank keapje wol, wurdt fan tiisdei ôf mei in nij systeem kontrolearre. Yn twa Fryske winkels en fjouwer sliterijen stean kamera's dy't de oankeapen filmje. Minsken yn Breda folgje de bylden en kinne om identifikaasje freegje en eventueel de keap tsjinhâlde. It bedriuw seit dat se 98% fan de te jonge klanten der útpikke.

It systeem is tiisdei yn in supermerk yn Aldeboarn offisjeel yn gebrûk nommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)