Frou yn auto bedrige mei wapen

06 jul 2011 - 11:04

In man fan 26 út Easterwâlde is tiisdei op de dyk tusken Drachten en de grins mei Drinte oanhâlden, omdat er koart dêrfoar in frou bedrige hie. De frou ried yn har auto oer de dyk tusken Wolvegea en Easterwâlde doe't se troch de man bedrige waard mei in foarwerp dat op in fjoerwapen like.

Wêrom't de man dat die, is net dúdlik. De frou belle de plysje en dy hat de man oanhâlden. Hij is meinaam nei it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)