Webside Omrop Fryslân plat
De webside fan Omrop Fryslân is fanwege technyske problemen sûnt tiisdeitejûn út de loft. De apparatuer dy't de webside oanstjoert is stikken. Der wurdt hurd wurke om de problemen op te lossen.
It stribjen is om woansdeitemiddei wer yn de loft te wêzen. Fia it adres www2.omropfryslan.nl is it nijs fan de Omrop wol te besjen.