Frou (76) fan de Wâldwei helle

06 jul 2011 - 10:46

In 76-jierrige frou út Appelskea is tiisdei har rydbewiis kwytrekke, fanwege gefaarlik rydgedrach. De frou ried mei 30 kilometer yn de oere oer it Ureterpvallaat yn Drachten mei wol 30 auto's achter har oan. Se ried mei in gonkje fan 40 de Wâldwei op, Dêr is 100 tastien. Meardere auto's moasten remje of it stjoer omsmite om in oanriding foar te kommen.

De plysje hat de frou úteinlik fan de dyk helle. It CBR sil beoardiele oft se har rydbewiis weromkrijt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)