Dôfhûdige winkeldief oppakt
De plysje hat tiisdei yn Ljouwert in 47-jierrige man út de stêd oanhâlden fanwege winkelstellerij. De man wie al folle faker betrape en de plysjes dy't him trapearren, wisten dat.
De fertochte wurdt dizze wike foarlaat oan de rjochter-kommissaris. Mooglik dat de man fêstsetten wurdt, omdat er al faker misstappen makke hat.