Boubedriuw Bleeker fallyt

foto: www.bleekerbouw.nl
It Boalserter boubedriuw Bleeker is fallyt. Dêrtroch reitsje 23 minsken harren baan kwyt. Oarsaak fan it fallisemint is dat de ferkeap fan it projekt 'It Noar' yn Warkum striemin rint.
Dêrneist krijt it boubedriuw kwalik nije opdrachten. Boubedriuw Bleeker is in famyljebedriuw dat yn 1912 troch de pake fan de hjoeddeistige direkteur oprjochte waard.