Spits Kolder nei De Harkema

05 jul 2011 - 20:11

Harkemase Boys hat spits Marnix Kolder binnenhelle. Kolder komt by VVV wei, mar wie it ôfrûne jier ferhierd oan SC Veendam. By de Boys binne se tige wiis mei de komst fan de 30-jierige Kolder. Hy hat yn 15 jier betelle fuotbal 98 kear skoard. It grutste part fan dy 15 jier hat er spile foar Veendam (12 seizoenen). Fierder by Grins en VVV.

De klup hellet ek in nije assistent-trainer bij SC Veendam wei: Marc van Meel komt nei De Harkema om trainer Wieb Rodenhuis by te stean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)