Man (49) mei scooter fermist

Haaije Haaisma
Sûnt moandei wurdt de 49-jierrige Haaije Haaisma út Aldskoat fermist. De man hat in geastlike beheining en is foar it lêst sjoen doe't er by syn mem yn Bantegea wei ûnderweis gie nei Aldskoat. Dêr wennet er yn in ynstelling. De man is tusken de middei op paad gien op syn scooter. Doe't er jûns noch net werom wie yn Aldskoat, is de plysje warskôge. Haaije Haaisma is 1.80m lang, hat in keale holle, in snor en in lyts burdsje.