Zienn lulk oer plysje-ynfal

05 jul 2011 - 17:09

Yn Ljouwert hat de plysje tiisdei oan de Sudergrêftswâl in ynfal dien yn in deiopfang en gebrûkersromte foar drugsferslaafden. It Iepenbier Ministearje hie hjir opdracht ta jûn fanwege klachten. Foar de ynfal is de hiele strjitte ôfset foar it ferkear.

Zienn, de organisaasje der't de deiopfang ûnder falt, wist neat fan dizze ynfal. Zienn-direksjelid Corrie Dam is dêroer fernuvere. Se is ek lulk, want de ynfal is net goed foar de fertrouwensrelaasje mei de kliïnten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)