Bliid oer fjoertoerwachters

05 jul 2011 - 16:07

Op Skylge binne se bliid dat de Brandaris dochs bemand bliuwt. Moandei kaam dat nijs fan steatssiktaris Atsma. Der wiene plannen om de minsken op de fjoertuorren fan Skylge en Skiermûntseach te ferfangen troch kamera's. No hat bliken dien dat der gjin systeem bestiet dat it minsklik each ferfange kin.

Der is op Skylge wakker aksje fierd om de fjoertoerwachters te behâlden. Under oare de gemeente en de feartsjinsten diene hjiroan mei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)