CBF-karmerk foar Fryske Gea

Natoerorganisaasje It Fryske Gea hat opnij in karmerk tawiisd krigen fan Centraal Bureau Fondsenwerving CBF.
In goed doel krijt it karmerk as it oan strange regels fan it CBF foldocht. Der wurdt sjoen oft it jild fan donateurs en sponsors goed bestege is. Ek wurdt de kwaliteit fan bestjoer en it belied fan de organisaasje hifke. It Fryske Gea foldocht oan alle regels en hat foar trije jier in nij CBF karmerk krigen. Mei-inoar ha sa'n 300 goeie doelen in CBF-karmerk.