Dieder mishanneling socht

De plysje is op syk nei de bestjoerder fan in BMW dy't ferline wike freed yn Damwâld in 14-jierrige jonge fan De Westereen mishannele hat.
It slachtoffer stie mei twa freonen op de Dwarsloane. Omdat de bestjoerder fan de BMW hurd oanriden kaam, gebaarde de jonge dat er it rêstiger oan dwaan moast. De bestjoerder seach dat, stoppe en pakte de jonge by de kiel. It slachtoffer krige dêrtroch gjin lucht mear. Dêrnei naaide de bestjoerder wer út.