De sulverkob hat it dreech

05 jul 2011 - 11:05
  • Sulverkobben op Skiermûntseach (foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries)

It giet min mei de sulverkobben op it Waad en dat hat faaks te krijen mei it stillizzen fan de garnalefiskerij. Allinnich al op Skiermûntseach is it tal briedpearen de helte lytser, seit Otto Overdijk fan Natuurmonumenten.

Ek mei oare soarten mokken giet it min. Nei alle gedachten hat dat mei in te min oan fretten te krijen. Trochdat de garnalefiskers lang stillein ha, is der sa lang ek gjin byfangst oer board smiten. En krekt dy byfangst is in wichtige boarne fan fretten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)