Fryslân krijt twa animal cops

05 jul 2011 - 10:46

By de plysje yn Fryslân geane op koarte termyn twa saneamde animal cops oan 'e slach. Dêrfoar hawwe harren al frijwilligers opjûn. Dat meldt Henk Hartgers fan de ûndernimmingsried by de Fryske plysje.

De bisteplysje is in plan fan de PVV. Op termyn moatte der 40 fan sokke animal cops komme yn it hiele Noarden. Wa't dat krekt wurde, is noch net wis. Earder waard tocht oan hûnebegelieders, mar dêr is it ryk net sa entûsjast oer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)