Danso op proef by SC Cambuur

Erixon Danso traint de kommende wike op proef mei by Sportklup Cambuur. De 21-jierrige oanfaller spile ferline jier foar de beloften fan FC Utrecht.
Fia de Amsterdamske topamateurklup AFC kaam Danso yn 2005 by Almere City terjochte. Dêr luts hy de oandacht fan Ajax, dêr't hy fan 2006 oant 2008 spile. In trochbraak bleau út, wêrnei't de oanfaller oerstapte nei Utrecht. Dêr debutearre hy yn in wedstriid tsjin SC Hearrenfean, mar ferfolgens belâne hy op in sydspoar.