Unyk filmargyf op dvd

De folsleine filmkolleksje fan Piet Wagter is no te krijen op DVD. Syn 73-jierrige soan Krijn Wagter út Detroit krige moandei it earste eksimplaar fan it Frysk Film Argyf. De Snitser blommehanneler Piet Wagter makke fan 1930 oant 1950 ferskate films mei syn 8 mm kamera.
Hy filme de yntocht fan Sinteklaas, begraffenissen en in treinrit nei Starum. Hichtepunt is in koart wedstrydferslach fan de Alvestêdetocht út 1941.