Groei website Omrop Fryslân
It ynternetbesyk op de site fan Omrop Fryslân is yn de earste helte fan dit jier mei 25% groeid nei mei-inoar 850.000 unike besikers. Yn de earste helte fan ferline jier wiene dat der 638.325. It tal besiken is mei 600.000 tanommen nei in lytse 4 miljoen.
Ek it tal pageviews gie bot omheech nei 11 miljoen. De siden dy't it bêst besjoen wurde, binne it waarberjocht fan Piet Paulusma, Utstjoering Mist en temasite www.omroplive.nl