Skoalle Bontebok dochs ticht

04 jul 2011 - 16:27

De sluting fan de skoalle fan Bontebok is net foar te kommen. Dat seit it bestjoer fan koepel De Basis, dêr't Bontebok ûnder falt. De skoalle komt oer in pear jier ûnder de noarm fan 23 learlingen. Mei sa'n bytsje bern is it net mooglik om kwalitatyf goed ûnderwiis te bieden.

De gemeente hat al bekend makke dat se it skoalgebou te keap sette wolle. De gemeente stekt takom jier noch 15.000 euro yn de skoalle, mar dat sil sluting net keare kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)