Fisk-les foar de tûzenste kear

04 jul 2011 - 14:52

Yn Drachten hat moandei de tûzenste learling fiskles krigen op skoalle. Sportvisserij Fryslân jout sûnt ûngefear in healjier fisklessen en de belangstelling hjirfoar is tige grut.

Moandei wie de feriening op basisskoalle Sjalom yn Drachten. Dat is in kristlike skoalle foar spesjaal ûnderwiis. Opfallend is dat in soad bern dy't gewoanwei drok binne op skoalle, fan it fiskjen rêstich wurde. De lessen besteane út in stik teory en fansels in praktykles.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)