Brânwachtkazernes ticht

Yn Fryslân moatte tusken de sân en njoggen brânwachtkazernes ticht. Dit stiet yn it plan foar regionalisearring fan de brânwacht. De fraksje fan Opsterlands Belang makket him hjir grutte soargen oer.
De partij sil hjir moandeitejûn yn de riedsgearkomste fragen oer stelle. Se wolle witte hoe't de besetting fan de oerbleaune kazernes regele wurde sil en oft de feilichheid fan de boargers noch wol garandearre is.