Waadclub:tefolle frijwilligers

04 jul 2011 - 12:09

De Waadferiening hat in lúkse probleem. Se fregen tweintich frijwilligers om it seegers werom te krijen yn de Waadsee en krigen hûndert oanmeldings. Der wurdt no sjoen oft de ekstra minsken oare putsjes dwaan wolle. De measte minsken komme út it noarden, mar se komme ek út Brabân en Dútslân.

Op it Nederlânske Waad is it seegers útstoarn. It ferfangende gers wurdt út it Dútske Waad helle. It hiele projekt duorret in wike.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)