Gefaarlike kwekerij ûntmantele

04 jul 2011 - 10:12

Yn in wenning oan de Pietersburen yn Ljouwert hat de plysje snein in himpkwekerij oprôle. De ûnderbuorlju klagen oer wetteroerlêst. Yn de keamer dripte it wetter fan it plafond ôf en yn de meterkast rûn it wetter by de muorren del.

Doe't de plysjes de wenning yngiene, fûnen se hast 400 hennepplanten. Op de grûn lei in laach wetter mei dêryn in part fan de elektryske ynstallaasje. De stroom waard yllegaal ôftape. Der wie sprake fan in gefaarlike situaasje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)