Manlju oppakt foar skellerij

De plysje hat sneintenacht yn Ljouwert twa manlju oanholden foar mislediging. It giet om in man (25) fan Aldeberkeap en in man (23) út Nijeberkeap. De twa gedroegen har hiel ferfelend yn in hoarekasaak oan it Ruterskertier.
De eigner helle de plysje derby. Doe't de plysje mei ien fan de manlju stie te praten, bemuoide de oar him dermei. Omdat er net fuortgean woe, waard er oanholden. De oare man misledige de plysjes en moast ek mei nei it buro. Se hawwe beide proses-ferbaal krigen.