Dancetour: tsientûzen besikers

04 jul 2011 - 08:29

It dûnsfeest Dancetour op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert hat snein tsientûzen besikers lutsen. Neffens de organisaasje is it evenemint sûnder problemen ferrûn.

Der wiene optredens fan seis ferskate dj's op it fergese evenemint. De Dancetour waard foar de sânde kear holden yn Ljouwert. It dûnsfeest wurdt troch it hiele lân organisearre, ûnder oare ek yn Lelystêd, Arnhem, Dordrecht en Maastricht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)