EK sydspannen foar Matthijssen

03 jul 2011 - 19:07
  • It poadium fan Noardwâlde (foto: awfoto.nl)
  • Broer en sus yn aksje (foto: awfoto.nl)

Broer en suster William en Nathalie Matthijssen binne snein Europeesk kampioen wurden yn de sydspanklasse by it gersbaanracen. Yn Noardwâlde wie it koppel fierstente sterk foar de konkurrinsje. Se wûnen al har fjouwer searjes en ek yn de finale wienen se oppermachtich. It is al de tredde Europeeske titel foar William en Nathalie, ynwenster fan Tsjummearum.

Jannick de Jong wûn by de specials senioaren. De Gordykster einige foar Dirk Fabriek en Jeffrey Woortman.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)