Partoer Olijnsma wint yn Harns

03 jul 2011 - 18:23
  • Olijnsma en dy (argyffoto: Aise van Beets, Omrop Fryslân)

De keatsers Martijn Olijnsma, Hylke Bruinsma en Marten Feenstra ha snein de Hotze Schuilpartij yn Harns wûn. Yn de finale wienen se mei 5-5 en 6-2 te sterk foar Pieter van Althuis, Gerrit Flisijn en Hans Wassenaar. It wie harren tredde oerwinning fan it seizoen. Van Althuis en syn maten stienen foar it earst yn de finale.

Olijnsma en dy starten fleanend en stienen al gau mei 4-0 foar. Mar doe waard it spannend. Fia 4-3 en 5-5 waard de oerwinning dochs binnen helle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)