Grou as wettersportsintrum

Boarnsterhim pakt de útfiering fan it projekt Wetterfront Grou wer op. Yn 2006 is dêr mei begûn, mar it wurk is stilset doe't de gemeente yn finansjele problemen kaam. Doel fan Wetterfront Grou is dat it doarp in belangryk wettersportsintrum bliuwt.
De jachthaven wurdt oanpakt, der komt in kuierpromenade en in sylsintrum. Fierder is op tal fan plakken baggere. De kosten wurde rûsd op goed oardel miljoen euro. De provinsje leit in miljoen op tafel.