Koar fan minderheidstalen

(Foto: FYK)
Sa'n 40 sjongers út ferskillende lannen dogge mei oan it projekt Voices of Europe. It koar is in idee fan it FYK, Fryske jongereinferiening. Alle dielnimmers prate in minderheidstaal en sjonge lieten yn talen lykas Frysk, Sorbysk, Kasjoebysk en Flachysk. Se binne snein yn Ingelum begûn mei de repetysjes dy't in wike duorje.
Dirigint en koarlieder is de Ier Peter Shannon, dy't foar dit projekt út syn wenplak yn Amearika nei Fryslân kaam is. It koar jout 3 fergese optredens.