Wyldpisser op die betrape

In ynwenner fan Rinsumageast (18) is sneontenacht oanhâlden yn Berltsum. Hy woe tsjin in plysjeauto oan pisje. De plysje hie de auto op it Hemmemaplein parkeard om yn it doarp te surveillearjen.
De wyldmiger raasde nei syn maten wat er dwaan soe. De plysje trappearre him op 'e die. Mei de broek op de ankels waard er yn de plysje-auto set. Op it buro krige er in bekeuring en moast er de auto skjinmeitsje.