Scala nimt muzykûnderwiis oer

03 jul 2011 - 12:13

It Linde College yn Wolvegea wurket foar it muzykûnderwiis tenei gear mei it Drintske Scala Centrum voor de Kunsten. Beide partijen slute dêr in oerienkomst foar meardere jierren oer ôf. It Linde College wurke earder gear mei it Centrum voor de Kunsten A7 op It Hearrenfean, mar dat gie fallyt. Scala nimt it muzykûnderwiis no oer.

It giet om lessen op skoalle en bûten skoaltiid. It Linde College wol him graach fierder ûntwikkelje as in kultuer profyl skoalle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)