Ajax wint mei 4-0 yn Bûtenpost

02 jul 2011 - 17:22
  • Ajax wûn sneon mei 4-0 fan Bûtenpost (foto: Martin de Jong)

Ajax spile sneon tsjin earste klasser VV Bûtenpost. It wie de earste wedstriid yn de oefenkampanje. Der wie in soad animo foar de kaartsjes. It sportpark wie folslein útferkocht. De Friezen ferlearen mei mar 4-0.

Ajax wie op folle sterkte yn Bûtenpost. Ek de nije oanwinsten lykas Theo Janssen en Derk Boerrigter wiene fan de partij. Njonken trainer Frank de Boer wie ek de nije assistint en âld-ynternasjonal Dennis Bergkamp derby.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)