Fryske ljeppers winne twakamp

02 jul 2011 - 17:06

De ljeppers fan de ôfdieling Fryslân hawwe sneontemiddei de twakamp tsjin Hollân wûn. De Friezen ljepten yn Gryptsjerk mei-inoar 393,70 meter en dat wie 8.33 meter fierder as harren Hollânske konkurrinten.

De fierste sprongen fan de dei wienen yn trije klassen foar in Fries. By de senioaren Bart Helmholt mei 19.91, by de junioaren Age Hulder mei 18.47 en by de froulju Anne-Jet Leyenaar mei 15.61. Erwin Timmerarends út Hollân wie de bêste by de jonges mei 16.84.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)