Pleats fan gers by Furdgum

02 jul 2011 - 16:00

Furdgum krijt in pleats fan gersseadden. It wurdt in rekonstruksje fan in wenhûs mei stâl sa't dy der yn 700 nei Kristus ek stie. By opgravings yn de terp fan Furdgum binne spoaren fûn fan de gersseadden. Om in goed byld te krijen fan hoe't minsken yn de iere midsieuwen libben, wurdt de wente neiboud.

Der kamen sneon mear as 500 minsken nei de iepen dei fan de opgraving. Dy wurdt oer in jier tichtsmiten. De pleats moat der oer in jier wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)