Auto's fernield yn Harns

Yn Harns binne freedtenacht 17 auto's fernield. Dat wie ûnder oare oan De Goudplevier, De Wulp en De Kluut. Fan de auto's waarden de kentekenplaten ombûgd of meinommen. In tsjûge melde om healwei trijen dat twa jonges fan tusken de 15 en 18 jier dwaande wiene. Neffens de tsjûge rûnen se yn de rjochting fan De Ludinga. De plysje koe de jonges net mear fine.
Wa't wat sjoen hat, wurdt fersocht dat te melden by de plysje.