Auto oer de kop en yn de sleat

(foto Anton Kappers)
In frou (49) út Deventer is freedtemiddei ferwûne rekke by in oanriding by Bitgum. Se kaam op de Westergoawei op de linkerhelte en botste dêrby op de auto fan in 41-jierrige man út Kleaster-Lidlum. De frou sloech mei har auto in pear kear oer de kop en bedarre úteinlik yn de sleat. De man út Kleaster-Lidlum rekke net ferwûne.
De frou is mei ûnderkuollingsferskynsels oerbrocht nei it sikehûs.