Man rydt twa kear op plysje yn

De plysje hat freedtejûn in man (34) út Nijewier oanhâlden foar swiere mishanneling en poging ta deaslach.
De plysje seach him op de Pier Prinsleane yn Dokkum slingerjend riden op syn snorfyts. Hy negearde in stopteken en ried yn folle gong op de plysjes yn. Ien rekke ferwûne oan de knibbel. Hy skuorde him los en ried wer op de plysje yn. Doe foel er en rekke ferwûne. Hy is ûnder begelieding mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. Der is in bloedproef ôfnaam.