Beswier tsjin Polderhoofdkanaal

02 jul 2011 - 12:29

De weriepening fan it Polderhoofdkanaal moat útsteld wurde. In ynwenster fan De Feanhoop tsjinne in beswierskrift yn by it ministearje fan ekonomyske saken. Foar de oanlis fan diken en oanlisplakken foar boaten is in omjouwingsfergunning nedich. Dy is der net.

De gemeenteried fan Opsterlân beslút moandei oer it trochgean fan it weriepenjen fan it kanaal. De ried fan Smellingerlân docht dat tiisdei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)