IFKS is rêden

02 jul 2011 - 12:19

De IFKS is rêden. De organisaasje fan it skûtsjesilen siet yn finansjeel swier waar. Der wie in tekoart fan 40.000 euro. Dy problemen binne oan kant om't Lasaulec no sponsor is. Ek de businessclub dy't lêsten oprjochte is, begjint goed te rinnen. Der binne 15 leden dy't elk jier 1.000 euro jouwe.

De jubileumwedstryd op de Iselmar foar Starum dy't sneon hâlden waard, is ferset nei de Fluezen om de wyn. De IFKS bestiet tritich jier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)