Elektryske scooter rint goed

01 jul 2011 - 21:18

Yn Ljouwert is freed it nije ûnderkommen fan scooterymporteur MPI-NL iepene. It bedriuw hat sa'n sukses mei de ferkeap fan elektryske scooters, dat it yn it âlde gebou út syn jaske groeide.

Direkteur Smeding fan MPI-NL ferwachtet dat de fraach de kommende jierren allinne noch mar groeie sil. Yn 2007 waarden der 300 fan ferkocht, ferline jier wiene it der al 3750. Smeding ymportearret de scooters út Sina.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)