Jorwert spilet Bohemia
It iepenloftspul fan Jorwert bringt dit jier it stik Bohemia. It is ynspirearre op de ferneamde opera La Bohème en wurdt bewurke ta in eigen stik. Yn Bohemia binne ûnder oare Fryske ferzjes fan nûmers fan Bram Vermeulen en AC/DC te hearren.
De premjêre is op 31 augustus. De kaartferkeap is al úteinset, fia de webside fan it Jorwerter iepenloftspul.