Burgumer boefkes oppakt

De plysje hat in groepke fan seis jongeren fan 16 en 17 jier út Burgum oanhâlden, omdat se de ôfrûne tiid saken fernield en minsken bedrige ha.
De jongeren gongen tusken febrewaris en begjin juny yn wikseljende groepkes op paad. Se binne ûnder oare ferantwurdlik foar stellerij en fernielingen by De Pleats yn Burgum. Fierder ha se yn maaie twa ynwenners fan it doarp mei de dea bedrige. Se ha alle seis in proses-ferbaal krigen.