60 dagen Kneppelfreed betinke

01 jul 2011 - 17:18
  • Ferneamde Kneppelfreedfoto: de plysje pakt demonstranten oan
  • Der wie yn 1951 reboelje foar de Ljouwerter rjochtbank

Yn de moannen septimber, oktober en novimber wurdt dit jier 60 dagen lang Kneppelfreed betocht. It is dan 60 jier lyn dat Fedde Schurer foarkomme moast yn Ljouwert. Hy hie in rjochter misledige dy't net lije woe dat der Frysk praat waard op de rjochtbank.

Yn it ramt fan Kneppelfreed komt der in teatertoer en der binne ek projekten op skoallen en yn tsjerken. It tema is keppelje wêrby't de rykdom fan taal sintraal stiet. It giet om in inisjatyf fan de Fryske Beweging.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)