Jong-A-Pin net nei Odense

01 jul 2011 - 16:40

Hearrenfean-spiler Calvin Jong-A-Pin stapt net oer nei de Deenske nûmer twa fan de kompetysje, Odense BK. Jong-A-Pin hat in pear dagen meitraind en ek in part fan in oefenwedstryd meispile, tsjin Aalborg. Doel fan de staazje wie om te sjen oft it spiler en klup foldwaan soe. Se wiene it al op haadlinen iens oer in kontrakt, mar de transfer giet net troch.

Jong A Pin sjocht der fanôf omdat de wize fan fuotbaljen fan Odense dochs net by him past.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)