Oerdrachtsbelesting: bliidskip

01 jul 2011 - 15:55

It keapjen fan in wenning wurdt in stik oantrekliker no't de oerdrachtsbelesting ferlege is. It kabinet wol sa de huzemerk wer op gong helpe. Makelers reagearje optein.

De belesting wurdt ferlege fan 6 nei 2 persint. Dat skeelt op in hûs fan twa ton 8.000 euro. De ferleging is mei weromwurkjende kreft sûnt 15 juny in jier jildich. De makelers tinke dat it sa wol slagje sil om de huzemerk wer yn beweging te krijen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)