Ljiskbreuk yn ien dei klear

01 jul 2011 - 15:42

Minsken mei in ljiskbreuk kinne yn it Antoniussikehûs yn Snits tenei op ien en deselde dei in ûndersyk, de diagnoaze én in operaasje krije.

De pasjint soe dan de jûns alwer nei hûs kinne. Der binne wol wat betingsten dêr't minsken mei in breuk oan foldwaan moatte. Sa moatte se tusken de 18 en 65 jier en goed sûn wêze. Se kinne op ynternet in fragelist ynfolje. It Antoniussikehûs nimt dan binnen in dei kontakt op om in ôfspraak te meitsjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)