Feiligensplan REC goedkard

De provinsje hat it feilichheidsbehearsysteem foar de ôffaloven fan Omrin yn Harns goedkard. Yn dat plan stiet hoe't de kâns op problemen sa lyts mooglik makke is.
Der stiet ek yn hokker maatregels der naam binne om de gefolgen fan eventuele ynsidinten sa lyts mooglik te hâlden. Dit wie it lêste plan dat de provinsje noch goedkarre moast. Omrin hat it feiligensplan frijwillich makke. It leit fan moandei ôf op besjen by de provinsje.