Igor Djuric net mear wolkom

01 jul 2011 - 14:38
  • Igor Djuric

SC Hearrenfean ferdigener Igor Djuric hat te hearren krigen dat hy net mear mei de A-seleksje meitraine mei. ,Ik heb nadrukkelijk aangegeven dat hij niet past in onze toekomstplannen', sa seit technysk direkteur Johan Hansma.

Neffens Hansma stiet Djuric de ûntwikkeling fan in jong talint as Jeffrey Gouweleeuw yn it paad. Djuric is transferfrij, mar op dit stuit is der gjin konkrete ynteresse foar de ferdigener. De Serviër hat noch in kontrakt foar twa jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)