Simmerwettertafersjoch los

01 jul 2011 - 14:18

Mei de fakânsjedrokte foar de doar sille provinsje, wetterskip, KLPD en de plysje wer yntinsyf oparbeidzje. Mei-inoar sille se de kommende tiid de feiligens op it wetter yn de gaten hâlde.

It simmerwettertafersjoch is bedoeld om oerlêst yn havens en ek de oerlêst troch flugge boatsjes en dronken boatsjeminsken oan te pakken. It is al de sânde simmer dat de ferskate ynstânsjes sa mei-inoar gearwurkje sille.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)