Schuil en Nummerdor ferrasse
Beachfolleyballers Richard Schuil en Reinder Nummerdor hawwe ek harren twadde groepswedstriid wûn yn it Grand Slam toernoai fan Stavanger. Yn twa sets (21-17 en 21-14) wiene se te sterk foar it as twadde pleatste Amerikaanske duo Todd Rogers en Philip Dalhausser.
Troch dizze oerwinning binne Schuil en Nummerdor fersekere fan de folgjende rûnde. Yn de tredde wedstriid nimt it Nederlânske duo it op tsjin de Sinezen Gao/Chen.