Tryater hâldt rykssubsydzje

30 jun 2011 - 21:52

In romme mearderheid yn de Twadde Keamer is foar de rêding fan Tryater. Hûndertseis fan de hûnderfyftich keamerleden stimden foar it behâld fan de rykssubsydzje. De jierlikse subsydzje giet yn de takomst wol nei ûnderen fan 1,9 miljoen nei 1,5 miljoen.

Steatssekretaris Halbe Zijlstra woe de subsydzje hielendal skrasse. Mei de grutte keamermearderheid kin hy dat net mear dwaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)